Afbeelding
cur-klasse-frysk
Afbeelding
cur-klasse-frysk
Cursus

Klasse Frysk

Til it Frysk op dyn skoalle nei in heger niveau. Foar dosinten primêr ûnderwiis en dosinten Frysk fuortset ûnderwiis.
Start in
januari
Locatie
Leeuwarden
Lesdag
Maandag & Woensdag

Mei de kursus Klasse Frysk learsto dyn Fryske lessen (of lessen yn it Frysk) nei in heger plan te tillen en te wurkjen oan de ambysjes Frysk foar 2030 fan dyn skoalle. Yn 8 ynspirearjende lessen learsto alles watst nedich hast om dyn lessen WOW te meitsjen. De lessen binne tige praktysk en ek nijsgjirrich foar dyn persoanlike ûntwikkeling. Boppedat learst yn in betsjuttingsfolle setting tagelyk ek Frysk praten en/of skriuwen.

Kenmerken cursus Klasse Frysk

Diploma
Certificaat
Start in
januari
Locatie
Leeuwarden
Taal
Nederlands
Studieduur
2 - 6 maanden
Opleidingstype
Cursus
Lesdag
Maandag & Woensdag
Incompany
Nee

Wat stiet dy te wachtsjen?

Yn acht lessen krigesto hânfetten om Fryske lessen foarm te jaan en yn te spyljen op tema’s as berne- en jongereinliteratuer, Fryske skiednis en taalsosjology. Mei de aktive wurkfoarmen soest by wize fan sprekken fuort de oare dei al yn de eigen klassen oan de slach kinne. Geandewei de kursus wurkest ek oan de ferbettering fan dyn eigen taalfeardigens. De acht lessen kinne troch learkrêften mei in PABO-foech oanfolle wurde mei fjouwer ekstra lessen by de PABO. Sy helje dan it foech Frysk foar it basisûnderwiis.

Dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis wurdt in ynformaasjepetear oanbean dat dúdlikheid jout oer de mooglikheden by de learare-opliedingen fuortset ûnderwiis. Ast wolst meist meirinne mei de kolleezjes om te sjen oft de reguliere oplieding wat foar dy is.

Foar wa?

De kursus is bedoeld foar dosinten basisûnderwiis en dosinten Frysk fuortset ûnderwiis.

Dosinten

De dosinten fan dizze kursus binne:

Anna Marije Bloem, a.bloem@cedin.nl

Bert van der Lijn, b.vanderlijn@cedin.nl

Rianne Blokzijl, rianne.blokzijl@nhlstenden.com

Deze cursus wordt aangeboden door het ECNO 

Deze cursus wordt aangeboden door het ECNO. Het ECNO is een organisatie binnen NHL Stenden voor advies, opleiding en training, coaching, interim-management, mediation en onderzoek voornamelijk binnen het onderwijswerkveld. 

Meer informatie over het ECNO