Kursus Klasse Frysk ‘WOW Frysk!’ foar dosinten primêr ûnderwiis en dosinten Frysk fuortset ûnderwiis

Nij yn it oanbod 2020-2021 fan de PABO en de learare-opliedingen Frysk fû yn oparbeidzjen mei Cedin is de kursus Klasse Frysk. De kursus is bedoeld foar dosinten basisûnderwiis en dosinten Frysk fuortset ûnderwiis. Yn acht lessen wurde ynspirearjende en praktyske hânfetten jûn om Fryske lessen foarm te jaan en yn te spyljen op tema’s as berne- en jongereinliteratuer, Fryske skiednis en taalsosjology.

Mei de aktive wurkfoarmen kinne dielnimmers oan Klasse Frysk by wize fan sprekken fuort de oare dei al yn de eigen klassen oan de slach. Geandewei de kursus wurket de kursist ek oan ferbettering fan de eigen taalfeardigens Frysk. De acht lessen kinne troch learkrêften mei in PABO-foech oanfolle wurde mei fjouwer ekstra lessen by de PABO. Sy helje dan it foech Frysk foar it basisûnderwiis. Dosinten Frysk fuortset ûnderwiis wurdt in ynformaasjepetear oanbean dat dúdlikheid jout oer har mooglikheden by de learare-opliedingen fuortset ûnderwiis. Se meie ek meirinne mei de kolleezjes om te sjen oft de reguliere oplieding wat foar harren is.

De kursus begjint yn jannewaris 2021. Opjaan kin foar 1 desimber 2020. Ynformaasje oer en opjaan foar Klasse Frysk: babs.gezelle.meerburg@nhlstenden.com.

Studieduur

8 byienkomsten yn in perioade fan sawat 6 moannen

Contacttijd

8 workshops fan 2,5 oeren

Locatie

Leeuwarden